Twadde Poiesz yn Frjentsjer

26 sep 2013 - 12:11

De Poiesz iepenet definityf in twadde festiging yn it sintrum fan Frjentsjer. It giet om in fertutearze gebou oan de Sjaardemastrjitte, dêr't earder ek al in supermerk yn siet. It gebou wie oarspronklik it gasfabryk fan de stêd.

It gebou is fan Klaver Vastgoed yn Harns. Yn juny like it der ek al op dat Poiesz yn dit gebou komme soe, mar doe gie de deal net troch. Tongersdei is bekend makke dat de saak beklonken is. Poiesz hiert it gebou foar 10 jier fan Klaver en knapt it sels hielenal op. De winkel moat foar de Kryst iepen.

De gemeente is bliid mei de oplossing, want it gebou stie al jierren leech en rekke hieltyd suteriger. Oan de oare kant fan de strjitte binne krekt ek in rige âlde gebouwen opknapt en mei de komst fan de Poiesz is de hiele Sjaerdemastrjitte wer kreas.

Trefwurden: 
Frjentsjer Poiesz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)