VVD-fragen oer sponsor Omrin

26 sep 2013 - 11:00

De VVD fan de Fryske Marren is fernuvere oer ôffalferwurker Omrin dy't besletten hat de Tall Ships Races yn Harns te stypjen. Neffens de partij giet it haadsponsorskip fan Omrin op kosten fan de ôffalferwurking.

Omrin hat yn har jierferslach skreaun dat se har mear ynsette wol foar in duorsume mienskip. De VVD is der net fan oertsjûge dat dit de beste wize is en hat dêr fragen oer steld yn de riedsgearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)