Eksplosyf fûn yn Dokkum

26 sep 2013 - 10:06

It eksplosyf dat tongersdeitemoan by de brânwachtkazerne yn Dokkum fûn waard, is net gefaarlik. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat it in âlde brânbom út de Twadde Wrâldoarloch wie en hast gjin lading mear hie. De Eksplosiven Oprommingstsjinst hellet de bom yn de rin fan de dei op.

It eksplosyf waard moarns ûntdutsen doe't der reek ôf kaam. De plysje tinkt dat de bom nei graafwurk yn de gracht op it terrein achter de kazerne terjochte kaam is.

Trefwurden: 
Dokkum eksplosyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)