Nije geheugenpoly yn MCL

25 sep 2013 - 21:17

Sikehús MCL hat woansdeijûn de digitale geheugenpoliklinyk presintearre. Dizze geheugenpoly is ûntwikkele om de soarch foar pasjinten mei geheugenproblemen lykas demintens te ferbetterjen. De poly is ek bedoeld foar mantelsoargers. Der hat in proef west mei 25 pasjinten en de resultaten dêrfan binne posityf.

Op basis fan wat mantelsoargers en pasjinten thús ynfolle, kinne de helpferlieners op it sprekoere hiel konkreet kontakt sykje mei de pasjint, omdat al bekend is wêr't de belangrykste problemen lizze.

Trefwurden: 
Ljouwert MCL geheugenpoly
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)