De Wiko's hâlde definityf op

25 sep 2013 - 20:37
Kobus Algra fan de Wiko's - Foto: Geert van Tuinen Producties

It bekende stimmingsorkest De Wiko's hâldt der nei 45 jier definityf mei op. De frontman fan De Wiko's Kobus Algra is siik. Op snein 20 oktober pakke De Wiko's noch ien kear út, se dogge dat yn de sporthal fan Menaam.

By it ôfskied dogge in soad oare muzikanten mei, lykas Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Griet Wiersma en Anneke Douma.

Trefwurden: 
De Wiko's
(Advertinsje)
(Advertinsje)