Fryske ynbring yn Jong Oranje
It fuotbalteam fan Jong Oranje moat op 10 oktober de útwedstriid tsjin Georgië spylje. By de seleksje sitte ek spilers fan Cambuur en Hearrenfean. Fan SC Cambuur is Lucas Bijker oproppen. Fan SC Hearrenfean sitte trije spilers by de foarlopige seleksje. Dat binne Joeri de Kamps, Luciano Slagveer en Hakim Ziyech.