Minder jild foar KWF-kollekte

25 sep 2013 - 20:03

De kollekte foar de KWF kankerbestriding hat yn Fryslân sa'n 15% minder opbrocht, dik in miljoen euro minder as oars. Oer hiel Nederlân wie de opbringst gâns minder. Net allinnich de ekonomyske krisis is de oarsaak, it is ek it gefolch fan de minne publisiteit oer de Alpe duZes, de fytsaksje foar kankerûndersyk. De foarsitter fan de Alpe duZes hie jild deklarearre en dat joech in soad opskuor.

De kollektanten hiene it net maklik doe't se by de doarren lâns moasten, se krigen soms ferfelende opmerkings nei de holle.

Guon kollektanten woene sels net mear rinne. Der wiene ek minsken dy't krekt ekstra jild yn de kollektebus diene, omdat se it knap fûnen dat de kollektanten ûndanks de kommoasje, dochs trochsetten foar it goeie doel.

Trefwurden: 
kollekte KWF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)