Skotske priis foar Hallumse

25 sep 2013 - 18:17

De 23-jierrige Bregtje Sijtsma fan Hallum hat yn Skotlân in priis wûn foar in stúdzje dy't se dien hat nei it oersetten fan de bibel yn it Skotsk en yn it Frysk. Sijtsma is berne yn Hallum en se wennet sûnt in pear jier yn Skotlân om de Skotske taal en kultuer te studearjen.

Foar de stúdzje die se ûndersyk nei de fraach wêrom't William Laughton Lorimer en Geert Aeilco Wumkes de bibel oerset hawwe yn 'e eigen minderheidstaal. De priis bestiet út in oarkonde en in boek.

Yn ferbân mei drokte mei de stúdzje kin de winneres freed net by de offisjele priisútrikking wêze.

Trefwurden: 
priis Hallum Bregtje Sijtsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)