PvdA: noed oer posysje Omrop

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de PvdA makket him sterk foar it bestean fan Omrop Fryslân. De NPO, de Nederlânske Publike Omrop hat de steatssekretaris advisearre om de regionale omroppen op te heffen. Dy wurde dan opnommen yn de lanlike publike omrop. Neffens de PvdA stiet dat heaks op de ôfspraken fan it Europeesk Hânfest foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa en de ôfspraken dy't earder mei it ryk makke binne.
Yn de maitiid binne yn de Twadde Keamer krekt twa moasjes oannommen dy't de unike posysje fan Omrop Fryslân nochris ûnderstreekje.
De PvdA sil steatssiktaris Dekker dan ek hâlde oan de útfiering fan dy moasjes. De FNP-steatefraksje hat ferline wike ek al fragen steld oer de posysje fan Omrop Fryslân.