Hearrenfean sûnder Kruiswijk

25 sep 2013 - 15:51

Hearrenfeanspiler Arnold Kruiswijk mist de bekerwedstriid tsjin FC Twente. De ferdediger is blesseard oan syn ljisk en wurdt ferfongen troch Ramon Zomer. Mitchell Dijks komt werom fan in skorsing en sil Christian Kum ferfange. Trainer Marco van Basten sjocht fierder gjin reden om syn opstelling te feroarjen. De wedstriid yn de twadde ronde fan de beker is noch lang net útferkocht. De helte fan de kaarten, sa'n 13.000, binne der oant no ta ferkocht.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Twente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)