Ferwûne by kappen fan beammen

Traumahelikopter © ANP Kippa
By in ûngelok op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean is woansdeitemiddei in man swier ferwûne rekke. De man wie dwaande om beammen te kappen en krige ien op syn holle. De traumahely rukte út. Om te landen moast de dyk ticht foar it oare ferkear. De man is mei de helikopter nei sikehûs UMCG yn Grins brocht. De arbeidsynspeksje ûndersiket de saak.