Nije app: seleksje regionijs

25 sep 2013 - 12:29

Myn regio is in nije app foar op de mobile telefoan. De app is ûntwikkele op inisjatyf fan alle regionale omroppen. Brûkers kinne mei dizze app maklik in seleksje meitsje fan nijs út de eigen buert en oare selektearre plakken of regio’s. De app is presintearre op it jubileumkongres oer 25 jier regionale omrop yn Nederlân. It is foar it earst dat nijsberjochten fan de regionale omroppen op sa'n grutte skaal bondele wurde. Sa kin in Ljouwerter bygelyks ek it nijs fan syn fakânsje-adres yn Limboarch folgje of it nijs fan it wenplak fan famylje.

Mear ynformaasje is te finen op www.mijnregio.nl. De app is te krijen yn de Appstore en de Google Play Store. Der is in spesjale fariant foar tablets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)