Mear thúsbefalle boppe Dokkum

It tal thúsbefallings op it plattelân boppe Dokkum is tanommen, nei de sluting fan de ôfdieling bertesoarch oan sikehûs de Sionsberg. Dat is de konklúzje fan de ferloskundigepraktyk Catharina Schrader yn Dokkum. Sûnt desimber 2012 is it net mear mooglik om te befallen yn it sikehûs. De ferwachting wie dat oankommende âlden dy't op grutte ôfstân wenje, earder foar in befalling yn it sikehûs kieze, om gjin risiko's te nimmen. It docht no bliken dat âlden dochs faak kieze foar in thúsbefalling.
De ynspeksje foar de sûnenssoarch hat ûndersyk dien nei de gefolgen fan de sluting fan de bertesoarch yn de Sionsberg. De konklúzje fan de ynspeksje is dat de sluting net laat hat ta ûnferantwurde ferloskundige soarch yn de regio. De ynspeksje hat praat mei âlden en mei ferloskundigen. De rol fan de ferloskundige is grutter wurden; se binne earder en bliuwe langer by de befalling. Der is troch de oerheid jild beskikber steld foar de ferloskundigepraktiken om ekstra personiel oan te lûken.