Hylpen no offisjeel erfgoed

25 sep 2013 - 10:30

De Hylper kultuer stiet fan sneon ôf offisjeel op de 'Nationale Inventaris' fan it kultureel erfgoed. Sûnt april fan dit jier is it ymmateriele erfgoed fan Hylpen al offisjeus op de list pleatst. Sneon wurde hjir de offisjele hantekenings foar set. Ek wurdt in lyts skyld oerlange oan de foarsitter fan de Stichting tot Behoud Immaterieel Erfgoed Hindeloopen en wurdt yn de haven fan Hylpen in boerd ûntbleate mei it logo dat by de erkenning heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)