Ljouwerter belutsen by ûngelok

25 sep 2013 - 10:22

In 45-jierrige man út Ljouwert hat tiisdeitemiddei belutsen west by in ûngelok op de Barkmolenstraat yn Grins. Dêrby rekke in 28-jierrige man út Grins ferwûne. Tsjûgen seagen dat de Grinzer op syn fyts de dyk oerstuts. Hy fytste dêrby troch it reade ljocht. De Ljouwerter koe in botsing net mear tefoaren komme. De man is mei flinke ferwûnings oan syn holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)