Wurk oan fiadukt A7 by H'fean

25 sep 2013 - 09:35

Rykswettersteat is fan woansdei oant en mei freed dwaande mei ûnderhâldswurksumheden oan it fiadukt oer de A7 by knooppunt Hearrenfean. Troch de wurksumheden sil mar ien rydstrook iepen wêze en jildt der in maksimumsnelheid fan 70 kilometer yn 'e oere. Boppedat is de dyk fan Meppel rjochting Drachten fan 21.00 oere woansdeitejûn oant 06.00 oere tongersdeitemoarn ticht. Ferkear wurdt omlaat fia knooppunt Hearrenfean.

Trefwurden: 
A7 Rykswettersteat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)