Undersyk nei fûgels waadgebiet

25 sep 2013 - 07:33

It oantal fûgels dat skulpen en wjirmen yt yn de Waadsee is sûnt 1987 behoarlik werom rûn. It giet dan om bygelyks de Bûnte Gril en de Mients. Mei fûgels dy't fisk ite, lykas de Leppelbek, giet it wol wer goed. Dat docht bliken út ûndersyk dat dien is troch fûgelûndersykynstitút Sovon. It ûndersyk giet oer de perioade fan 1987 oant 2011. Der is net allinnich sjoen nei it Nederlânske waadgebiet, mar ek nei it waadgebiet yn Dútslân en Denemarken.

Trefwurden: 
ûndersyk SOVON waadfûgels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)