Ljouwert pakt fandalen oan

24 sep 2013 - 22:37

De gemeente Ljouwert wol fuotbalfandalen hurder oanpakke en hat dêrom de algemiene pleatslike feroardening sa útwreide dat minsken bygelyks al in stadionsferbod of in oar gebietsferbod krije kinne foardat sy wat ferkeard dien ha.

It tal gebieten is ek útwreide dêr't minsken in ferbod foar krije kinne. Der steane bygelyks no wolris Cambuursupporters by it fuortriden fan de bus mei it alvetal fan de tsjinstanner en dat giet net altitden goed, lykas nei de wedstriid tsjin FC Grins. Minsken kinne no in gebietsferbod krije om dat foar te kommen.

De Weaze kin ek as sa'n gebiet oanwiisd wurde, mar dat is foaral bedoeld om drugsdealers oan te pakken. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders tinkt dat de kâns op oerlêst troch it fuotbal tanimt no't Cambuur yn de eardedevyzje spilet.

Trefwurden: 
Ljouwert fuotbalfandalen APV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)