Cambuur fierder yn de beker

Cambuur giet fierder yn de beker. Yn Katwijk waard tsjin de amateurkampioen fan Nederlân mei 6-1 wûn. De skoare waard yn de 17e minút iepene troch Kevin Brands. Paco van Moorsel soarge even letter foar de 2-0 en dyselde Van Moorsel fersoarge foar de rêst in moaie assist op Barto, dy't de 3-0 makke. Ritzmaier en Leeuwin soargen foar it skoft foar de 4-0 en de 5-0.
Nei rêst makke Katwijk fia Joost Leonard de 1-5. Pereira soarge yn de 69e minút foar de einstân fan 6-1. Tongersdeitejûn wurdt der lotte foar de folgjende ronde.