Sikehûs suveret ôffalwetter

24 sep 2013 - 16:22

By it Antonius sikehûs yn Snits komt in ûndersykslokaasje foar it suverjen fan ôffalwetter. Op dizze saneamde 'demosite' kinne bedriuwen út binnen- en bûtenlân techniken útprobearje om it wetter te suverjen. Yn it ôffalwetter fan sikehuzen sitte faak medisynresten, antibiotika en kontrastfloeistoffen.

It giet om in inisjatyf fan de gemeente Súdwest-Fryslân, it Wetterskip, it sikehûs en Wetsus. It giet yn earste ynstânsje om in pilot fan fiif jier. Begjin takom jier sil de demosite boud wurde op in lokaasje flakby it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)