Tribune De Bosk wurdt byferve

24 sep 2013 - 15:55

Tiisdeitejûn nimt Harkemase Boys it thús op De Harkema op tsjin earedivyzjeploech NEC út Nijmegen foar de KNVB-beker. Op sportpark De Bosk binne se sûnt tiisdeitemoarn betiid al drok dwaande mei de lêste tariedings.

Sponserflaggen wurde ophongen, it gersfljild wurdt noch efkes ekstra moai meand en sels de tribune wurdt noch wat byferve. De Harkiten binne fansels de underdog yn de bekerkonfrontaasje, mar stikem wurdt hope op in stunt tsjin it net al te goed draaiende NEC.

De Boys ha in knappe start fan de kompetysje. Oant no ta waarden twa fan de trije wedstriden yn winst omset. NEC sammele út sân wedstryden likefolle punten. Yn 2011 skopten de Harkiten al ris Willem II út de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)