Evaluaasje Waadakademy posityf

De Waadsee © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Waadakademy hat har besteansrjocht fertsjinne. Dat fynt de evaluaasjekommisje dy't it kennissintrum ûndersocht hat. De Waadakademy is benammen warber foar in duorsume ûntwikkeling fan it Waadgebiet en bestiet no fiif jier.
Yn july 2014 rint de subsydzjeperiode ôf. No is de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen noch ferantwurdlik foar it jild, mar yn de takomst beslút it Waadfûns dêroer. Dy hat noch gjin beslút naam oer in nije subsydzje.