Opsterlân besuniget minder

De gemeente Opsterlân hoecht takom jier minder te besunigjen yn fergeliking mei de ôfrûne trije jier. Yn 2014 wurdt der foar 4,6 miljoen besunige, dat bedrach is folle leger as yn de ôfrûne trije jier.
De gemeente besparret jild troch effisjinter te wurkjen. En wurdt takom jier it bedrach foar in krijen fan in omjouwingsfergunning ferhege. Ek steane de tsjerketuorren en klokkestuollen dy't de gemeente yn besit hat te keap.