Ferskowings op VVD-list

24 sep 2013 - 12:49

De leden fan de VVD Ljouwert hawwe gemeenteriedslid Gert-Jaap van Ulzen twa plakken heger op de kieslist set. It riedslid stiet no sechde yn plak fan achtste. Listlûker is fraksjefoarsitter Serge Hollander. Riedslid Harry Bevers stiet op it twadde plak, folge troch de earste frou Pietrick Veenstra.

Ek Sietze Bouma (4) út Boarnsterhim en riedslid Karen Vastbinder-van Loon (5de) steane heech op de list. De weryndielingsferkiezings binne op 13 novimber.

Trefwurden: 
VVD Ferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)