PC's stellen yn Frjentsjer

24 sep 2013 - 12:00
Ynbraak - Foto: ANP XTRA

By in ynbraak yn in wenning oan de J.G. Suurhofstrjitte yn Frjentsjer binne tiisdeitenacht ferskate kompjûters en gameconsoles stellen. De dieven kamen der yn troch in doar yn it bedriuwspart fan de wenning.

De eigner, in 46-jierrige Frentsjerter, ûntduts de stellerij de moarns. Hy hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
ynbraak kompjûter stellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)