LC ferliest lêzers, FD stabyl

24 sep 2013 - 10:36

De betelle oplage fan de papieren Ljouwerter Krante is it ôfrûne jier mei 5,2 % achterútgien fan 75.699 oant 71.772 kranten. Dat blykt út de sifers oer it twadde fearnsjier fan oplage-ûndersyksynstitút HOI. De LC is net de iennichste krante dy't abonnee's kwytrekke. By de Telegraaf gie de betelle oplage mei mear as 50.000 kranten werom. It Dagblad van het Noorden buorke 5,8 % achterút. It Dagblad hat no in betelle oplage fan 106.531 kranten deis.

It Friesch Dagblad gie 0,4 % foarút. It FD hat no in betelle oplage fan 13.654 kranten.

By de lanlike kranten wie der in lichte winst foar it Financieele Dagblad en de Volkskrant. HOI publisearret fjouwer kear yn it jier oplagesifers fan de dei- en wykblêden. Dy sifers wurde dan fergelike mei deselde perioade in jier lyn.

Trefwurden: 
LC FD oplage HOI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)