Mear anti-agresje jild soarch

Roeli Mossel, direkteur fan soarchgroep Palet, is bliid mei it ekstra jild om agresje tsjin meiwurkers yn de soarch oan te pakken. Neffens har is it foaral wichtich om de kennis fan de meiwurkers út te wreidzjen.
Júster makke minister Edith Schippers fan Folkssûnens bekend dat der noch ris 3,4 miljoen beskikber steld wurdt om it aksjeplan feilich wurkje yn de soarch better yn 'e praktyk te bringen. It giet bygelyks om geweld fan dementearjende en psychiatryske pasjinten. Aanst kinne der 200 ynstellings stipe wurde yn har anti-agresjebelied.