Earste harkjûn Fryske Marren

Gjin inkele organisaasje yn de nij op te rjochtsjen gemeente De Fryske Marren kin sûnder subsydzje. As it oan harren leit wurdt der net besunige op bygelyks it multyfunksjonele sintrum fan Aldemarrum, it tsjinstesintrum senioaren fan De Lemmer of stifting Humanitas. Dat soe grutte gefolgen hawwe foar de bewenners of belutsenen.
Dat waard dúdlik op de earste fan de trije harkjûnen yn de nij op te rjochtsjen gemeente. De Fryske Marren moat fuortendaliks al 9 miljoen euro struktureel besunigje.
Om in kar te meitsjen is keazen om de organisaasjes yn it foar te freegjen om op in ynsprekjûn dúdlik te meitsjen wêr't se foar stean. Takom foarjier moat dúdlik wurde wêr't de nije gemeente op besunigje wol.