'Gjin nij trasee De Skieding'

23 sep 2013 - 22:16

Der mei gjin nij trasee komme foar de dyk De Skieding, de A7 nei Surhústerfean. Dat fine de omwenners. Se binne benaud dat de provinsje de dyk omlizze wol no't mooglike alternative plannen fierder ûndersocht wurde sille. Der is yntusken in aksjegroep oprjochte, Nieuw Tracé Nee.

Al jierren wurdt praat oer it feiliger meitsjen fan De Skieding. De provinsje besjocht no alternative plannen foar oanpassing fan de dyk. De aksjegroep is benaud dat dy ten koste geane fan ûnder oare it lânskip. Se wolle dat de besteande dyk oanpast wurdt.

Neffens de provinsje is der noch hielendal gjin sprake fan in oanpassing fan de dyk. It giet allinnich noch mar om in stúdzje nei mooglike alternativen foar de besteande Skieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)