Lieuwe Westra wol yn top 10

Lieuwe Westra sil der woansdei yn de tiidrit op it wrâldkampioenskip yn Italië alles oan dwaan om by de bêste tsien te kommen. De 31-jierrige hurdfytser fan De Tynje docht foar de tredde kear mei oan it WK tiidriden. Twa jier lyn yn Kopenhagen waard er achtste. It parkoers yn Toskane is net al te dreech, mar mei goed 57 kilometer wol hiel lang. Ofrûne snein ried Westra itselde trajekt mei de ploegetiidrit. Doe wie de foarm goed en wie er mei Juan Antonio Flecha de motor fan de ploech. In wike Spanje yn de tarieding hat de Fries goeddien.