Twa oanhâldings op Wâldwei

© Omrop Fryslân
Twa automobilisten binne moandeitemoarn oanholden op de Wâldwei by Garyp. In 45-jierrige Snitser ried te ticht op syn foargonger. Dat die er mei in gong fan 155 kilometer yn 'e oere, dêr't op syn heechst 100 tastien is. Doe't de plysje syn rydbewiis ynnimme woe, die bliken dat er dat net hie. Boppedat ried er yn in ûnfersekere auto. De plysje hat proses-ferbaal opmakke tsjin de Snitser op.
De 37-jierrige Ljouwerter dy't foar him ried waard ek oanholden. Syn rydbewiis waard ynnaam om't er fierstente hurd ried.