Biblioteken no iepen op sneon

Fan 1 okotober ôf hawwe de biblioteken yn Frjentsjer, Harns, Stiens, Sint Anne en Dronryp nije iepeningstiden. De nije tiden binne oanpast nei oanlieding fan de winsken fan de besikers, dy't meidiene oan it klanttefredenheidsûndersyk. Alle fiif de biblioteken sille tenei op sneon iepen wêze. Mei it each op takomstige besunigings is ek kritysk nei de personiele besetting sjoen. Benammen op managementnivo is skrast.
Earder al waarden biblioteken yn lytse doarpen nei basisskoallen ferpleatst, sadat bern dêr gebrûk fan meitsje kinne.