V.d. Laan 2 wedstriden skorst

Martijn van der Laan © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De KNVB hat Martijn van der Laan fan SC Cambuur hat fanwege syn reade kaart yn it duel tsjin Go Ahead Eagles fan ôfrûne freed in skorsing oplein fan twa wedstriden en ien wedstriid op betingst. Van der Laan en Cambuur hawwe dizze straf akseptearre.
Troch de skorsing mist de ferdigener de bekerwedstriid tsjin Katwijk en de derby fan snein tsjin SC Hearrenfean.