Wiksels yn basis Cambuur

Cambuur spilet tiisdei in wedstriid yn de twadde ronde fan it KNVB bekertoernoai. Tsjinstanner is de algemien kampioen fan it amatuerfuotbal, topklasser Katwijk. Cambuur nimt de bekerwedstriid serieus, mar yn de basis ferskine wol seis spilers dy't normaal op de bank sitte. De foarhoede bestiet sels hielendal út wikselspilers.
Kevin Brands, Martijn Barto en Oebele Schokker moatte foar de goals soargje. Achteryn is Mart Dijkstra de ferfanger fan de skorste Martijn van der Laan. Perreira spilet foar Bijker en Van Moorsel foar Bakker.