Diëtisten: folle minder wurk

26 jan 2012 - 22:05

Diëtisten yn Fryslân moatte sûnt begjin dit jier in flink part fan har kliïnten misse. Yn guon gebieten yn de provinsje giet it om wol 40%. Sûnt 1 jannewaris sit de behanneling troch in diëtist net mear yn it basispakket fan de soarchfersekering.

Minister Schippers fan folkssûnens wol sa besunigje op de soarch. En dêrtroch kinne in soad minsken it net mear betelje.

De Nederlandse Vereniging van Diëtisten is benaud dat de soarchkosten troch dizze maatregel krekt bot omheech geane. De minister lûkt har lykwols neat fan de arguminten fan de NVD oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)