LDODK ferpulveret Mid-Fryslân

LDODK hat snein mei 20-8 fan Mid-Fryslân wûn. Op De Gordyk stie de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool by rêst mei 10-3 foar. Yn de twadde helte ferpulvere LDODK de formaasje út Grou en Reduzum. De romme oerwinning is de twadde winst foar LDODK.
Debutant De Hoeve kaam net fierder as in 15-15 lykspul tsjin Wageningen. By rêst stie der in 9-7 foarsprong foar de gasten út Wageningen op it boerd. Nei rêst wist de ploech fan Sake Koelma knap werom te kommen. SCO pakte de earste oerwinning troch thús mei 16-15 te winnen fan AWDTV.