D66 ek yn Fryslân op kampanje

22 sep 2013 - 15:23

D66 hopet by de gemeenteriedsferkiezings yn novimber gâns grutter te wurden as no yn Fryslân. Dat sei partijlieder Alexander Pechtold sneon by it begjin fan de Fryske kampanje yn Ljouwert. Yn 2010 kaam D66 werom yn de Fryske gemeenterieden, neidat de partij by de ferkiezing dêrfoar folslein fuortfage wie. Troch de besunigings dy't it kabinet trochfiere wol, ferwachtet Pechtold dat VVD en PvdA it wolris hiel swier krije kinne by de riedsferkiezings. Dêr moat syn partij fan profitearje.

Op 13 novimber binne de ferkiezings yn de gemeenten wêrfan't de grinzen troch weryndieling feroare binne. It giet dan om Ljouwert, Hearrenfean en de Fryske Marren. Op dit stuit hat D66 2 sitten yn de ried fan Ljouwert, Hearrenfean en Boarnsterhim en ien sit yn Lemsterlân.

Trefwurden: 
kampanje D66
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)