Ofskied fertroude programma's

22 sep 2013 - 14:56

Fertroude radioprogramma's as Fersykplaten en Muzyk Maskelyn binne snein foar it lêst te hearren op Omrop Fryslân. It fersykplateprogramma hat hast 35 jier te hearren west. Aly van der Mark hat it jierrenlang op de sneontemoarn presintearre, mar de lêste jierren die Margreet Hiemstra dat. Nei goed 30 jier hâldt ek Muzyk Maskelyn op. Dêryn wie in soad omtinken foar hafabra.

Yn de nije programmearring, dy't 23 septimber begjint, komt op snein it nije programma Snein yn Fryslân mei sport en muzyk.

Lykas it programma Sneon yn Fryslân wurdt it nije sneinsprogramma fan 13.00 oant 18.00 oere útstjoerd. Snein yn Fryslân wurdt ôfwikseljend presintearre troch Harm Weistra en Wim Brons. By radioprogramma's op de webside fan de Omrop stiet by Muzyk Maskelyn mear te lêzen oer de skiednis fan it programma. De lêste útstjoering is in ekstra lang program dat gearstald is troch (âld-)meiwurkers dy't der yn al dy jierren oan wurke hawwe.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân radio
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)