Nij parkje yn Sint Jabik

Wethâlder Nel Haarsma fan de gemeente It Bilt iepenet tiisdei yn Sint Jabik in nij parkje. Op de lokaasje oan de Neeltje Jansstraat stiene earst wenningen. Dy binne sloopt, wêrnei't wenningbouferiening Wonen Noordwest Friesland de grûn besikber steld hat oan de gemeente. Mei buertbewenners en Lânskipsbehear Fryslân is in werynrjochtingsplan makke.
Der is ûnder oare in fiver kaam en der binne fruitbeammen plante. Ek steane der boarterstastellen.