Oerlis oer besunigings

22 sep 2013 - 12:45
Foto: ANP XTRA

Yn de gemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat binne de kommende dagen byienkomsten foar ferienings en ynstânsjes oer de besunigings. De Friese Meren, de fúzjegemeente fan dy trije, moat 12 miljoen euro besunigje. Oarsaak binne foaral de koartingen fan it ryk.

Ynvestearrings wurde no op de lange baan skood. De ferienings yn de gemeenten kinne oanjaan wat de gefolgen fan de besunigings foar har binne.

Trefwurden: 
De Friese Meren besuniging
(Advertinsje)
(Advertinsje)