'Ryk moat net skoalmasterje'

De plannen fan it ryk om yn in wet fêst te lizzen hoe't gemeenten omgean moatte mei fergunningferliening en it hanthavenjen, binne skoalmasterachtich. De regels binne neffens de fraksjes fan de VVD yn de Fryske Marren ûnnedich en oerstallich. Se tsjinje yn de riedsgearkomsten fan Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân woansdei in moasje yn tsjin de plannen.
De VVD seit dat de kwaliteit fan fergunningferliening en it hanthavenjen fansels goed wêze moat, mar hoe't gemeenten dat dogge is neffens de partij net oan it ryk.