Sikehûzen banne plofhin

hinnen
Ek hieltyd mear sikehûzen skrasse de plofhin fan it menu. Dat meldt Wakker Dier. Yn Fryslân giet it om it Antonius yn Snits, Nij Smellinghe yn Drachten en de Sionsberg yn Dokkum. Sy binne neffens Wakker Dier yntusken oerskeakele op bistefreonliker hin. Wakker Dier wol dat alle sûnensynstituten de plofhin fan it menu helje.
Dat is neffens de stifting feiliger foar de pasjinten, omdat it risiko op antibioatika-resistinsje folle lytser wurdt. De plofhin krijt nammentlik folle mear antibioatika as sûnere hinnen.