Fryske JSF-moasje oannaam

22 sep 2013 - 10:39

Der komt mear ûndersyk nei de JSF, de opfolger fan de F16. In moasje fan dy strekking fan Fryske PvdA-ôfdielings is sneon op de lederied fan de partij yn Swolle, mei grutte mearderheid oannaam. Der komt ûnder oare in lûdsûndersyk. Ek moat dúdlik wurde oft mei de 37 JSF-tastellen wol de ynternasjonale missys útfierd wurde kinne.

De oankeap fan de tastellen kostet 4,5 miljard euro. Djoerder mei it perfoarst net wurde, sei PvdA-lieder Samsom.

Trefwurden: 
PvdA moasje JSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)