Man is rydbewiis gau wer kwyt

22 sep 2013 - 10:32
Foto: Omrop Fryslân

In man fan 22 jier út Driezum moast sneon syn krekt helle rydbewiis ynleverje fanwege gefaarlik rydgedrach. Op de Haadwei yn Damwâld seagen plysjes dat de autobestjoerder in rotonde linksom naam. De plysje gie achter him oan. De bestjoerder joech gas en ried fierstente hurd troch in 30-kilometersône.

Twa fytsers moasten útwike om in oanriding mei de man foar te kommen. Uteinlik slagge it de plysjes om de bestjoerder oan de kant te setten. Hy is syn rydbewiis foarearst kwyt en krige ek proses-ferbaal.

Trefwurden: 
plysje rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)