Gjin kopposysje SC Hearrenfean

It is SC Hearrenfean sneontejûn net slagge om de kopposysje te pakken yn de earedivyzje. By winst op Roda JC mocht Hearrenfean him koprinner neame, mar yn Kerkrade einige de healwize wedstriid yn in 3-3 lykspul. Yn de earste helte kaam Hearrenfean tsjin de ferhâldings yn op in 0-1 foarsprong troch Magnus Eikrem. Mar noch foar it skoft soarge Donald foar de lykmakker. Yn de twadde helte foelen der fjouwer doelpunten binnen tsien minuten. Earst kaam Roda JC fia Németh op 2-1, mar yn deselde minút soarge Finnbogason foar de lykmakker.
It wie Finnbogason syn njoggende doelpunt fan dit seizoen. Joey van den Berg like de matchwinner te wurden, mar Guus Hupperts soarget yn de 71ste minút foar de 3-3.