Weening twadde efter Vanmarcke

21 sep 2013 - 17:05

Hurdfytser Pieter Weening is sneon twadde wurden yn de Grandprix wedstriid Impanis-Van Petegem. De winst yn de tredde edysje fan de Belgyske wielerklassiker gong nei de Belch Sep Vanmarcke. Lângenoat Jérôme Baugnies makke it poadium kompleet. Weening en Vanmarcke wisten yn de finale fuort te sprinten út de grutte kopgroep mei ûnder oare wrâldkampioen Philippe Gilbert. Yn de einsprint moast Weening de winst litte oan de Belch.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)