Dokterstas mei morfine stellen
Ut de auto fan in húsdokter út Wolvegea is tongersdeitenacht in swarte dokterstas stellen. Dat meldt de plysje op Twitter. Yn de tas sitte ûnder oare twa ampullen mei morfine. Dy binne gefaarlik foar bern. Minsken dy't wat ôfwitte fan de stellerij of witte wêr't de dokterstas is, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.