Soer ferlies Harkemase Boys

21 sep 2013 - 16:30

Harkemase Boys hat sneon op eigen fjild mei 2-1 ferlern fan WHC. De Boys hienen in prima start. Jasper Valentijn iepene de skoare nei 19 minuten. Nettsjinsteande de kânsen oan beide kanten sochten de ploegen by in 1-0 stân de klaaihokken op.

Nei rêst wie der opnij folop kânsen foar beide ploegen. Nei ûndersteld hands fan Arjen Bergsma makke WHC fan 11 meter ôf krekt foar de ein de lykmakker. It waard lykwols noch soerder foar de ploech fan Willem Brouwer doe't de gasten út Wezep yn blessueretiid de winnende treffer op it boerd setten.

Kommende tiisdei nimt Harkemase Boys it thús om 18.45 oere op tsjin NEC Nijmegen yn de KNVB-beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)