ONS mei 4-0 ûnderút by Katwijk

21 sep 2013 - 16:26

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon yn en tsjin Katwijk mei 4-0 ferlern. Curty Gonzales wie nei in goed healoere spyljen ticht by de iepeningstreffer, mar seach syn ynset foarlâns gean. Op slach fan rêst hie de spits opnij de 1-0 op 'e skoech, mar each yn each mei de keeper fersomme er te skoaren.

Nei rêst kaam de thúsploech mei in fier ôfstânsskot op foarsprong. De Snitsers rekken stadichoan mear yn 'e ferdrukking. Ek ynfallers Sandor van der Heide en Jurjen Bosch koenen it flattearre ferlies net foarkomme.

De ploech fan trainer Bert Hollander stiet nei 5 wedstriden noch altyd op 6 punten. Katwijk nimt it kommende tiisdei om 19.30 oere op tsjin Cambuur yn de KNVB Beker.

Trefwurden: 
ONS sneonstopklasse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)