Nij sylsintrum yn Grou iepen

Sylsintrum Grou
Yn Grou is sneon it nagelnije sylsintrum iepene. It is in inisjatyf fan de keninklike wettersportferiening Frisia en der is in pear jier oan tariedings oan foarôfgien. It sintrum oan de Pikmar kin brûkt wurde as trainingsakkommodaasje foar jonge silers, mar ek as wedstriidlokaasje. Ek minsken mei in beheining dy't graach sile wolle, kinne der te plak.
Ek oare wettersportferienings dy't wedstriden organisearje op de Pikmar en de Wide Ie meie it sylsintrum brûke. Deputearre Jannewietske de Vries iepenet de wettersportakkommodaasje.